Uitgelicht:
Advertentie:

Nieuws

HEA! Rûnfeart troch Makkum

2-5-2022


Yn Makkum leit René van der Bles de lêste hân oan syn rûnfeartboat. It toeristeseizoen giet hast los en dan fart Van der Bles alle tiisdeis en tongersdeis mei gasten troch it doarp.
Op oare dagen rydt Van der Bles op de taksy. Mar de toeristyske fartochtsjes fynt hy hielendal prachtich. Want de gasten oan board ha fakânsje en ha hast altyd in goed sin.
Der kinne 45 passazjers op syn elektryske boat. Yn oardel oere lit de skipper alles yn en om Makkum fan it wetter ôf sjen.