Uitgelicht:
Advertentie:

Nieuws

Gjin gedoch mei boeken yn de koffer: by de Strânbyb yn Makkum is genôch kar

15-7-2019


In goed boek mei op fakânsje: wat hat it net op it listje fan guod stean dat ynpakt wurde kin? Mar boeken nimme sa'n soad romte yn en binne swier boppedat. Dêr ha se yn Makkum in moaie oplossing foar betocht: de Strânbiblioteek fan kamping De Holle Poarte. Dy is sûnt ôfrûne sneon wer iepen. Durkje Helfrich helpt elkenien oan in goed fakânsjeboek. "Op in goeie dei ha wy wol sa'n 500 minsken oer de flier."

It is it trettjinde jier dat de Strânbiblioteek iepen is. Inisjatyfnimster Durkje hat de hiele dei oanrin. "Benammen as it moai waar is. We hawwe ek minsken dy't alle dagen de fergese krante fan ús lêze. Wolle minsken in boek wat langer hâlde, dan kinne se in abonnemint nimme."

Ferskate aktiviteiten

Durkje hat yntusken in oantal famkes yn tsjinst, dy't de Strânbiblioteek iepen hâlde as simmerbaantsje. Njonken boeken organisearret de Strânbiblioteek ek ferskate aktiviteiten. Sa kinne besikers fan de kamping bygelyks te fytsen troch de omjouwing. "We ha ek Inkiepinkie, in bernefoarstelling, mar wy ha ek folop aktiviteiten wêrby't wy mei de bern leuke dingen meitsje, lykas freonskipsearmbantsjes."

Bron: omropfryslan.nl