As wy hjoeddedei oer de Doarpskrite Makkum prate ha we it oer toanielspyljen. Mar dat wie yn ‘e begjinjierren fan de Krite wol oars.
Op 15 desimber 1943 waard yn hotel “De Swan” yn Makkum de oprjochtingsgearkomste holden fan de feriening “It Selsskip foar Fryske Tael-en Skriftekenisse”. Njonken it beoefenjen fan toaniel hold de feriening him ek dwaande mei it organisearjen fan allerhanne aktiviteiten op it Fryske mêd. Mannen fan it earste oere wienen Gerrit de Haan, Klaas Hettema en Rinke Reitsma. Optwadde Krystdei 1943 en 1 jannewaris 1944 waard it earste stik “Hoe âlder, hoe gekker” spile yn ‘e Swan. Beide kearen siet de seal grôtfol.
Yn 1951 feroare de ferieningsnamme yn “Doarpskrite Makkum”.
Yn dizze perioade hat men in protte dien oan it ferbetterjen fan it toanielspul. Kursussen toanielspyljen, toanielrezjy, toanielbou, grimearjen makken dat it peil fan it amateurtoaniel omheech gong. Sûnt 1975 spilet de Doarpskrite mei yn kriichferbân fan it Boun Fryske Toaniel selskippen en komt út yn ‘e eareklasse. De skiednis fan de Doarpskrite waard yn 1995 fêstlein yn it boekwurk “50 jier Doarpskrite Makkum".
Doarpskrite Makkum spilet “Allo Allo”
skreaun troch Jeremy Lloyd en David Croft.
Ferfryske troch Roel van Nijen
plak: “Scouting Gebouw” Gedempte Putten 24, Makkum
spyldata: oanfang
Freed 1 febrewaris 20.00 oere
Sneon 2 febrewaris 20.00 oere
Freed 8 febrewaris 20.00 oere
Sneon 9 febrewaris 20.00
oere
Snein 10 febrewaris 15.00 oere
ALLO ALLO is in komysk toanielstik basearre
op de populêre Britske searje dy’t yn de jierren 80 op
‘e telefyzje te sjen wie. It stik spilet him ôf yn it Frânske
doarpke Nouvion, tidens de twadde Wrâldoarloch. Kafeehâlder Rene Artois is in
bysûnder man. De froulju wolle syn lichem, it ferset syn brein en de nazi’s
wolle syn woarst. Rene hat it mar swier yn ’e oarloch. Syn kafee sit fol mei
Dútsers wêr’t hy aardich tsjin dwaan moat. En dan is d’r syn frou Edith wêr’t
er ek aardich tsjin dwaan moat, en syn servearsters Yvette en Mimi wêr’t er mar
wat graach aardich tsjin is as syn frou net yn de buert is. Op souder leit
skoanmem en yn it kafee ferberget hy twa Ingelske piloaten yn opdracht fan it
ferset. As de Dútsers harren fine dan wurdt hy sûnder pardon deasjitten. Yn ’e
keuken hinget in rotte bokwoarst mei dêryn it kostbere portret fan de Fallen Madonna mei de grutte boarsten.
Hy ferstoppet it yn opdracht fan de Dútsers. At it ferset dat te witten komt
dan wurd hy sûnder pardon deasjitten. As syn frou yn ’e gaten krijt dat er in
ferhâlding hat mei Mimi, en at Mimi fernimt dat er ek in ferhâlding hat mei
Yvette, dan … jo kinne it wol riede. Hy hat sa njonkenlytsen de libbensferwachting
fan in oerrype Kamembert-tsiis. En as ta beslút Hitler sels ek noch nei Kafee
René komt dan rint de situaasje folslein út ‘e hân.
Rezjy: Tineke Attema
Spilers: Sjirk Wijbenga, Toos van As,
Femke Wijma, Trijntje Hoekstra, Lisa Homan, Minne Zwaagstra, Ewoud van der
Kamp, Henk Hellinga, Eva Jansen, Atje Roorda, Riny van der Vliet, Geertina Nota,
Simone Tijmstra, Rein Attema en Marko van der Land.
Klean: Margriet Teerenstra
Grime: Durkje Hoeksema, Rianne
Stellingwerff en Hanna van der Gaast
Ljocht en lûd: Niek Koornstra
Foarferkeap:
11 jannewaris fan 19.00 oant 20.00 oere en
12 jannewaris fan 10.00
oant 12.00 oere yn de bibletheek te Makkum
en dêrnei by de DA Drogist, Markt 1, Makkum
Tagongsprizen:
leden € 7,50 net leden € 12,50
© 2019 Doarpskrite Makkum